Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

Mikal

De earste frou fan kening David

Anders M. Rozendal

Prijs: € 23,50
Voorraad#stock_type# onbekend
(Geen beoordelingen)
Delen:
Productspecificaties
EAN : 9789463658744
Auteur(s) : Anders M. Rozendal
Taal : Fries
Onderwerp : Historische roman (populair)
Thema : Alternatieve geschiedenis fictie
Uitgever : Elikser B.V. Uitgeverij
Verschenen : April 2026
Druk : 1
Uitvoering : Paperback
Conditie : Nieuw
Pagina's : 252
Afmetingen : 201 x 133 x 18 mm
Gewicht : 356 gram
Beschrijving

Binne wy, froulju, no sá folle tûker en ferstanniger as manlju?MikalMikal is in boeredochter fan 11 jier. Se is in byderhant famke en, oars as har âldere suske, hat sy skriuwen leard. Dizze roman is har deiboek.Mikal har jonge libben komt yn in streamfersnelling as Saul, har heit, keazen wurdt as kening oer Israël. Al jong trout se mei David, dy?t as lietsjesjonger, mar ek as kriichsman syn yntrede by it hof docht. De leafde hâldt gjin stân om?t David it tsjin har heit yn ?e kant set. Boppedat siket er syn taflecht by bûtenlânske fijannen en oare froulju. Mikal trout dan mei Palty, in hiel oar minske as David.Dan bart der in ramp: Kening Saul en trije fan syn soannen komme om op it slachfjild. David, dy?t jierrenlang yn it suden fan it lân op de skobberdebonk libbe, sjocht syn kâns en lit himsels ta kening útroppe. En by in kening heart in keninginne. Immen mei statuer en grandeur. Dus easket David Mikal werom.Mikal beseft dat der gjin ûntkommen oan is, en makket der it bêste fan. Efter de skermen regelet se in soad en alle stoarmen dy?t it keningshûs giselje oerlibbet se mei glâns. Tuskentroch skriuwt se oer har eigen libben, en oer it libben fan de lju dy?t har paad kruse.Mei dizze oansprekkende, spannende roman bringt Anders Rozendal histoaryske figueren út de Bibel opnij ta libben.Anders Rozendal begûn mei it skriuwen fan koarte ferhalen yn it Friesch Dagblad en yn Fryske Ferhalebondels fan de Afûk en de Friese Pers Boekerij. Ferneamd is syn ferhaal Wetterloo yn ?e jubileumútjefte fan It Fryske Boek. Dêrnjonken skreau er in ferhalebondel en grut tal romans foar de KFFB. Opfallend is it ferskaat oan tema?s dêr?t Rozendal him oan weage. In pear fan syn romans binne basearre op bibelske ferhalen, mei it doel om in oare kant fan dy skiednissen sjen te litten. Dat jildt ek foar dizze roman.

Velden met een * zijn verplicht